Skiednis fan de Fryske reklamepriis
It wie 1993 doe’t de Ried fan de Fryske Beweging en de feriening Freonen fan Omrop Fryslân it inisjatyf namen ta it opsetten fan de Fryske Reklamepriis. In priis as middel mei as doel it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen, sawol kwantitatyf as kwalitatyf.
Yn de 20 jier fan syn bestean hat de Fryske Reklamepriis ferskillende foarmen hân. In lyts begjin mei allinne in radiopriis (1995 en 1997), in grut opsette útrikking op in feestjûn yn de Harmony, it meinimmen fan publyksstimmen yn kombinaasje mei in saakkundich sjueryrapport. Mar altyd wie de priis der as middel foar itselde doel: it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen oan te trúnjen.
De kommisje Fryske Reklamepriis wurket oan in plan om datselde doel, it fuortsterkjen fan it Frysk taalgebrûk, nei te stribjen. Mei itselde middel, ûnder deselde namme, mar dan oanpast oan de easken fan dizze tiid en om it doel ek yn de takomst neistribje te kinnen.