Stim op dyn
favorite
Fryske telefyzjereklame
en meitsje kâns
op in iPad!

Utrikking 17e Fryske Televyzje Reklamepriis

Tongersdei 28 juny 2018 is de 17e Fryske Reklamepriis (FRP) troch tydlik direkteur fan Omrop Fryslân Nina Hiddema útrikt oan Tabe Velink, direkteur fan Mazzelshop ‘Camping Totaal’. Dat barde mei in nijsgjirrige delegaasje op lokaasje. It spotsje ‘Foar écht goed materiaal’  fan Mazzelshop ‘Camping Totaal’ krige 67% fan alle publyksstimmen.

Eigner en direkteur Tabe Velink krige út hannen fan Nina Hiddema it Grutte Pierbyldsje en de oarkonde. Foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, Geart Benedictus oerlange de sjek mei in wearde fan €750,-. Tagelyk is skepper en skriuwer fan it winnende reklamespotsje, Wilfried Bijma fan Merlin Producties nei foarren helle. Foar de tredde kear hat syn filmke de FRP wûn. In boppeslach!  

utrikking groep klein

(fan lofts nei rjochts:) Tabe Velink; eigner Mazzelshop ‘Camping Totaal’, Nina Hiddema; ynterim direkteur Omrop Fryslân, Emiel Stoffers; haadpersoan yn reklamspot (foaroanman band ‘De Hûnekop’), Siem de Vlas; organisaasje 17e Fryske Reklamepriis, Wilfried Bijma; (‘Merlin Producties’ Drachten, produsint), Oane Bos; winner ûnder de ynternetstimmers, Roelof Reitsma; de stim yn it filmke, Geart Benedictus; foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging

Neffens de sjuery oer it spotsje: bysûnder dat it earst liket dat se spesjaal in caravanrace organisearre hawwe. Rou en rûch rydt Emiel Stoffers (ek oanwêzich en haadpersoan yn it filmke [jawis de foaroanman fan band De Hûnekop]) de race mei it Fryske plattelân as dekôr. Nijsgjirrich is it kontrast tusken it rûge earste part mei oanboazjende muzyk ta in hichtepunt en dan ûnferwachts jout Emiel him noflik del tusken alle wrakstikken yn. Neat is dêrby fergetten. It blomke op it taffeltsje makket it hielendal dien. Mei in swiere Fryske stimme (voice over) der oerhinne, sa te hearren streekrjoch fan it plattelân ôf plôke, wurket dizze spot beslist oansteklik, bliuwt hingjen en besoarget jin in glimlaits. Efternei wurdt dúdlik dat net samar keazen is foar no krekt in caravanrace.

It útrikken fan de 17e Fryske Radioreklamepriis

Tongersdei 17 jannewaris 2019 is de 17e Fryske Radireklamepriis útrikt troch Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging oan GGD Fryslân (Gemeentelijke Gezondheidsdienst). De radiokampanjespot ‘Stel de fraach fan dyn libben’ fan 113 Selsmoard Previnsje krige 57% fan alle publyksstimmen. De GGD hie it inisjatyf nommen ta in frysk-talige ferzje fan dizze lânlike kampanje.

Manager GGD Fryslân Frans Haenen fan it projekttiim Supranet Fryslân krige it ferneamde Grutte Pier-byldsje, de oarkonde en in sjek mei in wearde fan €250,- útrikt. Oanslutend binne ‘skeppers en skriuwers’ fan it winnende spotsje; ynsprekker en produsint Syb van der Ploeg, Geertje Spijkerman, Nico Outhuyse en Roely Boer yn it sintsje setten.

De FRP kommisje makke de ferwizing nei in útspraak fan Nelson Mandela (1918-2013); ‘As jo mei in minske prate yn in taal dy’t hy ferstiet, giet it yn syn holle. As jo mei himsels prate yn syn eigen taal, giet it yn syn hert!’

Neffens de sjuery: In sljochtwei hinne fraach; ‘Hé alles goed?’, folge troch in pynlike stiltme. De harker nei de radio sil grif de earen opstekke en syn oandacht rjochtsje op wat fierder komt. Fuortzappe, dat docht men net by radioreklame. Dy ynkringende sfear konfrontearret. Persoanlike fragen stelle wurket wis by radioreklame. It set jin as harker oan it neitinken. It Frysk is hjir op in natuerlike wize brûkt. Dêrtroch sil de doelgroep it ûnderwerp goed begripe. De stimme fan de ynsprekker is fan feneamd Fryske sjonger en tagelyk produsint Syb van der Ploeg. De útdrukking fan de ynkringende boadskip, alhiel sûnder muzyk, past hielendal by it doel. Doar persoanlik fragen te stellen ek al folgje ûngemaklike stiltmes. Hooplik wurdt hjirmei in ‘nij’ taboe trochbrutsen. Mei reden wurdt net tefolle ynformaasje jûn, mar wol ien hiel wichtich boadskip: doar jin ‘dy fraach fan dyn libben!’ te stellen.

foto 5

(fan lofts nei rjochts); Geart Benedictus, Geertje Spijkerman, Nico Outhuyse, Reina Denkers (Kommunikaasje meiwurker feilichheidskrite Fryslân), Syb van der Ploeg, Roely Boer, Frans Haenen en Siem de Vlas 

De Fryske Reklamepriis is yn it libben set om it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen. De FRP is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging. Op 14 maart 1995 waard de earste FRP útrikt en dy wie doe noch allinnich noch foar radioreklame. Yn 1999 is de earste telefyzereklamepriis útrikt.

 

Jier

 

Radio

 

Telefyzje

2017

 

113 Selsmoardprevinsje

 

Mazzelshop ‘Camping Totaal’

2015

     

'Klear', Sijperda verhuur

2012

 

Fryske Rabobanken

 

Mazzelshop Exploitatie BV

2011

 

Dong Energy, ‘s-Hertogenbosch

 

Resi Wooncentrum, Wommels

2010

 

Vitalis

 

Jansma Burdaard (Frâns)

2009

 

Stichting Frysk Festival

 

Agri Retail BV

2008

 

Dokkumer Vlaggen Centrale

 

Provinsje Fryslân
(ferkiezings)

2007

 

De Friese Wouden 
(thússoarch)

 

Bornmeer útjouwerij

2006

 

Akademysk sikehûs, Grins 

 

Haaima garaazjebedriuw, Wurdum

2005

 

Joop Zandberg (fytsen)

 

Tigchel kachels

2004

 

Vitens

 

Wetterskip Fryslân

2003

 

Weidenaar worst bv

 

Rinsma Women’s Wear, De Gordyk

2002

 

Centrale Bibliotheekdienst

 

Het Friese Land

2001

 

Mediamarkt, Ljouwert

 

Fryslân Tapijt

1999

 

Theater Amicitia, Snits

 

TCT-keukens, Tolbert

1997

 

Hart Nibbrig & Greeve BV, Sassenheim
(Mitsubishi-dealer)

 

Te min dielnimmers. Earfolle fermelding Fries Museum

1995

 

Regionaal Bureau Arbeidsvoorzieningen,
Ljouwert