Fryske
Reklamepriis

 

Rederij Doeksen

Troch it entûsjasme dêr't dit spotsje mei ynsprutsen is, kriget men der al gau sin oan om in kaartsje te boeken foar in besite oan Skylge of Flylân! De gelûden op de eftergrûn, fan de boat en de kobben, fersterkje dat effekt noch. Húshâldingen mei jonge bern hoege it net te litten: bern reizgje fergees. Mei it brûken fan de Fryske taal rjochtet Doeksen him mei opsetsin op de Fryske merk. Krekt foar de Friezen is it maklik om noch efkes te kiezen foar in boeking op it lêste momint. Foar it brûken fan it eigentiidske 'kids' oer (ek yn Fryslân wurde soksoarte wurden brûkt) stiet dúdlik de kar foar geve Fryske wurden lykas Skylge, bern, fergees, reedride en betingsten.