Fryske
Reklamepriis

 

FRYSK Makelaars

De man komt oeremis binnen om de reden fan syn panyk oan te jaan: hy hat gjin doel oer it ferkeapjen fan in hûs, lit stean fan syn eigen hûs. De frou stelt him mei in ‘ah je’ fourtendaliks gerêst. Dat FRYSK Makelaars dat foar him regelje kin. Foar in fêste, lege fergoeding. Mei oare wurden: gjin ferrassingen efternei. En je kinne it mei in gerêst hert oan harren oerlitte. Mei de ôfsluting fan it spotsje jout FRYSK Makelaars oan wêr’t it de klant wier om giet: it hûs ferkeapje! FRYSK Makelaars rjochtet him dúdlik op 'e Fryske merk: de merknamme sil dêrom bewust keazen wêze. En ek begrypt it bedriuw dat je de klant better berikke troch dy yn de eigen taal oan te sprekken.