Fryske
Reklamepriis

 

Meulen & Baarsma

It iennichste fan de trije spotsjes dat dúdlik kiest foar in fleurige muzikale eftergrûn foar de sprutsen tekst. Dêrmei wurdt al gau in sfear fan goede kwaliteit skept yn kombinaasje mei ‘de histoaryske bûtenpleats' en de bêste bêden. Dan de oankundiging fan de bêdeshow. Mar de unike lokaasje wol net sizze eksklusyf. Mei 'foar itselde jild keapje wy op De Klinze' wurdt it spotsje ôfsletten. Net djoerder as yn oare winkels of by oare oanbieders, wol Meulen & Baarsma sizze. Meulen & Baarsma kiest konsekwint foar de Fryske taal. Eardere radiospotjes mar ek in telefyzjereklame mei Rutger Hauer waarden al earder útstjoerd, yn it Frysk. Dy lêste krige dermei yn 2015 in earfolle fermelding.