Stim op dyn favorite
Fryske telefyzjereklame
en meitsje kâns
op in iPad!

Nei lang beried kin de FRP kommisje meidiele dat de telefyzjereklames fan 'Grutsk op ús greidefûgels', 'Wy hâlde fan netsjes' fan Aquacell, en 'De fytsesaak fan Joop Zandberg' nominearre binne foar de 18e Fryske Telefyzjereklamepriis. Sjoch de filmkes hjirûnder!

Hokker fynsto it moaist?

Jou gau dyn foarkar oan troch te klikken op ‘STIM NO!’ en wa wit is de iPad ynkoarten fan dy. Stimme kin oant en mei 7 july.

 

 

‘Grutsk op ús greidefûgels’
Gearwurkjende organisaasjes

Hiemside: www.grutskopusgreidefugels.nl

In nijsgjirrige reklame om boeren en meiwurkers fan leanbedriuwen op te roppen omtinken te jaan oan briedende fûgels en pykjes by it meanen fan it lân. Want as de reklame begjint, freget men jin ôf foar wa’t dizze reklame bedoeld is. Men sjocht earst in grutte trekker mei driigjende muzyk derûnder. Mar as we de fûgels en pykjes sjogge en de freonliker muzyk hearre, wurdt it al gau dúdlik. De doelgroep fan dizze reklame spilet in wichtige rol by it beskermjen fan de natuer yn it boerelân. En hja hoege it net allinnich te dwaan. De fûgelwacht docht graach mei yn it fjild.

 

‘De fytsesaak fan Joop Zandberg’
Joop Zandberg

Hiemside: www.joopzandberg.nl

Yn it reklamespotsje komme neist de bekende merken fan fytsen ek de meiwurkers fan Joop Zandberg foarby. Op dy wize leit de klam yn dit spotsje op de persoanlike oandacht dy’t Joop Zandberg en de meiwurkers hawwe foar de klanten. En fansels ek it grutte assortimint yn de fytsesaak fan Joop Zandberg. Zandberg is in relatyf lyts bedriuw mar se dogge dochs wat net foar elk reklamemeitsjend bedriuw yn Fryslân foar de hân leit: reklame yn it Frysk. Dêrmei kin it in foarbyld wêze foar in hiele protte oare bedriuwen foar wa’t reklame yn it Frysk of foar de hân lizze moatte soe.

 

‘Wy hâlde fan netsjes’
Aquacell

Hiemside: www.aquacell-waterontharder.nl/

De reklame dy’t Aquacell makket yn kranten en tydskriften binne meastentiids yn it Frysk. Dat hawwe hja foarich jier trochset mei in gemoedlike reklame foar Aquacell produkten op de telefyzje. In famylje fan De Lemmer dy’t wat âlder is, is de 'haadpersoan' yn dit spotsje. Fierder gjin gekoanstekkerij – gewoan op rêstige wize fertelle oer wat de produkten fan Aquacell foar jo betsjutte kinne. Minsken oansprekke yn harren eigen taal. Dêrmei slút Aquacell oan by wat ûndersyk sjen lit: reklame yn eigen taal skoart it bêst.